Ga naar de inhoud

Nieuwsbericht

  • U bevindt zich hier:
  • Home
  • Actueel
  • Nieuws
  • Earste gedichtenbondel ‘3TALeg’ foar wethâlder Dykstra
Overhandiging gedichtenbundel 3TALeg aan wethouder Dijkstra

Earste gedichtenbondel ‘3TALeg’ foar wethâlder Dykstra

donderdag 13 september

Amateur skriuwster Talea Jansma hat in nije gedichtenbondel útbrocht. De bondel hjit ‘3TALeg’ en sa as de namme al oanjout, steane der trijetalige gedichten yn. 10 yn it Frysk, 10 yn it Nederlânsk en 30 yn it Bildtsk. Om’t wethâlder Jan Dykstra him sterk makket foar de talen yn de gemeente Waadhoeke, woe mefrou Jansma it earste eksimplaar oan him oerhandigje.

 

Keunst ferbine mei it deistich libben

Mefrou Jansma is njonken it skriuwen ek oan it skilderjen. Nei persoanlike omstannichheden is se har eigen paad gongen en dochts se wat se no it leafste docht: skriuwe en skilderje. Mei har wurk wol se ek minsken mei minder ynkommen berikke. Sa binne har eksposysjes ‘kiekdagen’ fergees tagonkelik foar eltsenien. Fan it simmer is mei har skilderijen yn in kerreven troch de gemeente riden. Sa bringt se har keunst ek tichtby de minsken. Har skriuwwurk giet benammen oer deistiche saken wêr’t elts sich yn werkenne kin.

 

Memmetaal

“Dat is krekt wat ik mei de taalnota berikke wol”, seit wethâlder Jan Dykstra. Ik wol net dat ús meartalichheid in drompel wurdt, mar dat we der allegear foar iepen stean en elkoars memmetaal respektearje kinne. Wy meie der wolris wat mear foar stean dat wy ús memmetaal sjen litte wolle op hokker wize dan ek.”

 

Wêr te keap?

De gedichtenbondel is te keap op ferskeidene plakken yn lytse oplages te keap .

  • ‘t Blommeskuurtsy                    Noordeand 19               St.-Jabik
  • ’t Winkeltsy                               Van Harenstraat 37       St.-Anne
  • Marta’s bloemen & kado’s        Meinardswei 5               Minnertskea
  • Struiksma Bakkerij                    Buorren 74                    Tzummarum