Ga naar de inhoud

Fêstigje út it bûtenlân wei

Wenje jo yn it bûtenlân en wolle jo jo yn Nederlân ta wenjen sette? Skriuw jo dan binnen 5 dagen nei oankomst persoanlik by de gemeente yn.

Wat kostet it?

  • Sûnder kosten

Wat nimme jo mei?

  • In jildich paspoart, jildich rydbewiis of jildiche identiteitskaart.
  • In verblijfsvergunning foar bepaalde of onbepaalde tiid. 
  • Bûtenlânske dokuminten lykas in berte-, houliks- of echtskiedingsakte. Somtiden is it nedich dat jo de bûtenlânske dokuminten legalisearje litte yn it lân dêr't jo wei komme. Dat lit de echtens fan in dokumint sjen. Somtiden moatte de dokuminten ek oerset wêze.
  • Skriftlike toestemmingsverklaring (pdf, 113 KB)  as jo meerderjarig binne en net de hoofdbewoner binne op jo nije adres. 
    Of folje de ferklearring online yn. Tink derom: jo hat de DigiD inlogcodefan de hoofdbewoner nedich. 

Handich om te witten

  • De gemeente moat de identiteit fêststelle fan eltsenien dy't him of har yn Nederlân ynskriuwt. Dêrom moatte jo persoanlik mei jo identiteitsbewiis by ús delkomme. Minderjierrige bern moatte ek persoanlik by de ynskriuwing oanwêzich wêze.
  • Rjochtmjittich ferbliuw. Wolle jo jo ynskriuwe? Dan moat jo ferbliuw yn Nederlân rjochtmjittich wêze. Jo ferbliuw is rjochtmjittich as:

    • Jo de Nederlânske nasjonaliteit hawwe
    • Jo de nasjonaliteit fan in oar lân fan de Europeeske Uny hawwe
    • Jo in jildige ferbliuwsfergunning hawwe
    • Jo hat in adres yn Waadhoeke en giet langer dan fjouwer moannen yn Nederlân ferbliuwen.
  • Ferfarre jo út Aruba, Bonêre, Kurasao, Saba, Sint Eustaasjus of Sint Maarten wei? Dan hawwe jo in bewiis fan útskriuwen út de Persoonsinformatievoorziening Nederlandse Antillen en Aruba (PIVA) nedich.

Uw Reactie