Ga naar de inhoud

Meitsje in ôfspraak

Yn 'e gemeente Waadhoeke wurkje wy benammen op ôfspraak. De gemeente Waadhoeke is alle wurkdagen iepene fan 08.30 oere oant 17.00 oere. Op tongersdei is it gemeentehûs iepen oant 20.00 oere. Binnen dy tiden is it mooglik om in ôfspraak te plennen. It foardiel fan it meitsjen fan in ôfspraak is dat jo op de ôfsprutsen tiid holpen wurde en dat de amtner him alfêst tariede kin. Meitsje jo ôfspraak online en jo sjogge fuortendaliks hokfoar tiidstippen beskikber binne.

Frije ynrin

Wolle jo dochs leaver sûnder ôfspraak mei in fraach nei binnen rinne? Dat kin ek fansels. Alle wurkdagen fan 08.30 oere oant 13.00 oere is der romte oan de baly foar it stellen fan fragen sûnder dat jo dêrfoar foarôf in ôfspraak makke hawwe. Wy neame dat ‘frije ynrin’.

Jo hoege gjin ôfspraak te meitsjen foar:

  • it opheljen fan in paspoart, ID-kaart of rydbewiis
  • parkearûntheffings binnenstêd foar ynwenners en ûndernimmers
  • betellings

Wolle jo saken mei de gemeente regelje? Dan kinne jo online in ôfspraak meitsje en, as dat needsaaklik is, ek wer ôfsizze.

 

Uw Reactie