Ga naar de inhoud

It oanfreegjen fan in paspoart

Freegje jo paspoart persoanlik oan. Meitsje in ôfspraak en nei 5 wurkdagen leit jo paspoart klear. In paspoart kostet € 65,30 foar folwoeksenen. Mei in paspoart reizgje jo de hiele wrâld oer.

Wat kostet it?

Soarte paspoart Kosten Jildigens
Paspoart 18 jier en âlder € 65,30 10 jier
Paspoart jonger as 18 jier € 52,00 5 jier
Sakepaspoart € 65,30  
2e paspoart € 65,30  
Flechtlingepaspoart € 52,00  
Frjemdlingepaspoart € 52,00  
Haastoanfraach € 47,55 ekstra  

Wat hawwe jo nedich?

Binne jo 18 jier of âlder?

  • Alle paspoarten en identiteitskaarten dy't jo hawwe, ek as se ferrûn binne.
  • Pasfoto dy't foldocht oan de easken.
  • Kontant jild of pinpas.

Binne jo jonger as 18 jier? Nim dan ek mei:

  • Ynfolle en ûndertekene tastimmingsformulier fan beide âlden of fersoargers.
  • Orizjineel  paspoart, identiteitskaart of rydbewiis fan beide âlden of fersoargers.

Handich om te witten

Flotter paspoart ûntfange

De oanfraach fan in paspoart duorret 5 wurkdagen.  Hawwe jo flotter in paspoart nedich? Freegje oan de baly om in haastoanfraach. Jo krije dan binnen 2 wurkdagen in nij paspoart.

Mei bern ûnderweis

Uw Reactie