Ga naar de inhoud

Rydbewiis

Freegje jo rydbewiis oan. Meitsje in ôfspraak en nei fiif wurkdagen leit jo rydbewiis klear. In rydbewiis kostet € 39,75.

Wat kostet it?

  • Rydbewiis: € 39,75
  • Haastoanfraach: € 34,10 ekstra
  • Sûnensferklearring: € 40,80

Wat hawwe jo nedich?

  • Jo âlde rydbewiis as jo it rydbewiis ferlingje.
  • In jildich paspoart of identiteitskaart as jo foar it earst in rydbewiis oanfreegje of as jo jo rydbewiis kwyt binne.
  • Pasfoto dy't foldocht oan de easken.
  • Kontant jild of pinpas.

Jildigens rydbewiis

Leeftyd Jildigens
Oant 65 jier 10 jier
65-70 jier Oant jo 75e jierdei
70-75 jier 5 jier
Begjinnend by 75 jier Maksimaal 5 jier

Handich om te witten

Flotter rydbewiis ûntfange

De oanfraach fan in rydbewiis duorret fiif wurkdagen. Hawwe jo flotter in rydbewiis nedich? Freegje oan de baly om in haastoanfraach. Jo krije dan binnen twa wurkdagen in nij rydbewiis.

Medyske keuring

Jo moatte medysk kard wêze foardat jo in rydbewiis oanfreegje as jo:

  • In medyske beheining hawwe.
  • 75 jier of âlder binne en jo rydbewiis ferrint.
  • In rydbewiis foar in frachtwein of bus nedich hawwe.

Jo hawwe in “sûnensferklearring” nedich foar de medyske keuring. Jo kinne de sûnensferklearring online keapje by it CBR fia Mijn CBR. Dit formulier kinne jo ek keapje by de gemeente. 

Rydbewiis kwyt of stellen

  • Jo hoege gjin oanjefte by de plysje te dwaan.
  • Jo kinne fuortendaliks in nij rydbewiis oanfreegje by de gemeente. By de oanfraach jouwe jo oan dat jo jo rydbewiis kwyt binne of dat it stellen is.
  • Ferlieze jo jo rydbewiis yn it bûtenlân? Doch dan oanjefte by de plysje op it plak sels.

Utwreiding kategory

Hawwe jo in ekstra kategory helle? Dan moatte jo in nij rydbewiis oanfreegje.

Handige links

Uw Reactie