Ga naar de inhoud

Uttreksel basisregistraasje persoanen (BRP)

Hawwe jo in bewiis nedich dat jo yn 'e gemeente Waadhoeke wenje? Freegje dan in úttreksel út de basisregistraasje persoanen (BRP) oan. Dêrop steane standert jo namme, adres, berteplak en -datum. Jo kinne dat online oanfreegje mei jo DigiD en krije it úttreksel binnen 5 wurkdagen mei de post.

Wat kostet it?

  • € 9,00

Handich om te witten

  • Jo krije it úttreksel BRP binnen 5 wurkdagen thússtjoerd op it adres dêr't jo ynskreaun steane.
  • It úttreksel basisregistraasje persoanen (BRP) hjitte eartiids úttreksel gemeentlike basisadministraasje (GBA).
  • Jo kinne in úttreksel BRP nedich hawwe as jo jo ynskriuwe wolle foar in wenning of as jo jo auto oerskriuwe wolle.
  • Jou goed oan wêrfoar't jo it úttreksel nedich hawwe en wat derop stean moat. Bygelyks jo wenhistoarje. Dan makket de gemeente in úttreksel mei dêrop de krekte gegevens.
  • Hawwe jo in bewiis nedich fan bygelyks jo berte, houlik of skieding? Freegje dan in úttreksel boargerlike stân oan.
Uw Reactie