Ga naar de inhoud

Uttreksel boargerlike stân

Hawwe jo in bewiis nedich fan bygelyks jo berte, houlik of skieding? Freegje dan in úttreksel boargerlike stân oan. Jo krije dan in kopy fan de offisjele akte. Jo kinne dat online mei jo DigiD oanfreegje en krije it úttreksel binnen 5 wurkdagen mei de post.

Wat kostet it?

  • € 13,40

Handich om te witten

Ferskil afschrift en úttreksel 

  • Afschrift 
    In afschrift is in kopy fan de akte mei in stimpel en in hantekening fan de amtner fan de boargerlike stân. Dit hyt in ‘gewaarmerkt afschrift’. It afschrift fan de akte is allinne te krijen yn it Nederlânsk. Hawwe jo in afschrift fan de akte yn in oare taal nedich? Dan moat jo de akte sels litoer te setten troch in beëdigd tolk/vertaler. 
  • Úttreksel 
    In (ynternasjonaal) úttreksel fan de berteakte is wol yn meardere talen beskikber. Yn it úttreksel stean allinne de persoonsgegevens dy op de akte stean. It úttreksel is yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Spaansk,Grieks, Italiaansk, Portugees, Turks en Servo-Kroatisch. 
  • It úttreksel is in kopy fan de akte. In akte is in offisjeel dokumint. Yn sa'n akte hat de gemeente in wichtich barren yn jo libben fêstlein: in berte-akte, houliksakte, partnerskipsakte of ferstjerrensakte. Dy akten bliuwe altiten yn 'e gemeente dêr't it barren plakfûn hat.
  • Jo moatte it úttreksel oanfreegje yn de gemeente dêr’t it barren plakfûn hat.
  • Jou goed oan wêrfoar't jo it úttreksel nedich hawwe en wat derop stean moat. Bygelyks gegevens fan jo berte of houlik. Dan makket de gemeente in úttreksel mei dêrop de krekte gegevens.
  • Hawwe jo in bewiis nedich dat jo yn 'e gemeente Waadhoeke wenje? Freegje dan in úttreksel basisregistraasje persoanen (BRP) oan.
Uw Reactie