Ga naar de inhoud Ga naar het zoeken

Omjouwingsfergunning

Hawwe jo (fer)bouplannen? Wolle jo slope, in beam kapje, jo bedriuw of jo monumint feroarje? Jo pân oars brûke as earder bedoeld wie? Mei in omjouwingsfergunning regelje jo dat yn ien kear. Oanfragen kinne online dien wurde. Jo krije meastentiids binnen acht wiken berjocht.

Wat kostet it?

De kosten foar de omjouwingsfergunning binne ôfhinklik fan wêr't jo in fergunning foar oanfreegje. Besjoch it oersjoch fan de tariven.

Hoe lang duorret it?

Ienfâldige proseduere 

De ienfâldige proseduere komt it meast foar. Dizze proseduere neame wy de reguliere proseduere. Jo krije de beslút binnen acht wiken. 

Dizze termyn mei de gemeente in kear mei seis wiken ferlingjen. Dat kin barre as de oanfraach net binnen dy acht wiken kin wurde beoordiele. 

De termyn fan acht wiken start wannear de fergunning folslein is yntsjinne. It foaroerlis oer de fergunning telt net mei foar de termyn. 

Brede proseduere

Yn bysûndere gefallen jildt in brede proseduere. Bygelyks by in omjouwingsfergunning foar it miljeu en yn guon gefallen as de oanfraach ôfwykt fan it bestimmingsplan.

De beslistermyn fan de brede proseduere is seis moannen. Dy mei de gemeente mei seis wiken ferlingje. Dy lange termyn is nedich omdat meardere partijen advisearje moatte oer de fergunningsoanfraach.

Wat moatte jo dwaan?

  • Fergunningstsjek. In protte ferbouwings meie jo útfiere sûnder fergunning. Mar foar guon hawwe jo wol wer in fergunning nedich. Jo kinne dat sels neigean (litte) troch in fergunningstsjek te dwaan fia it Omjouwingsloket. Jo kinne fansels ek kontakt mei de gemeente opnimme.

  • Foaroerlis. Hawwe jo komplekse plannen mei meardere aktiviteiten? Dan advisearje wy jo earst mei de gemeente yn oerlis te gean. Doch dat foardat jo de oanfraach omjouwingsfergunning yntsjinje. Troch in foaroerlis besparje jo kosten. Jo komme dêrmei in ferrassing yn it fergunningstrajekt foar. Jo kinne fuortendaliks in ôfspraak meitsje.

    Jo (fer)bouplannen kinne ek effekt hawwe op oanbuorjende wenten. It is goed om jo buorlju op 'e tiid op de hichte te stellen.

  • Sloop. Jo hawwe gjin omjouwingsfergunning nedich foar it útfieren fan sloopwurksumheden en/of it fuortheljen fan asbest út jo pân. It is genôch om in sloopmelding fia it Omjouwingsloket Online te dwaan.

  • Oanfraach. Jo freegje in omjouwingsfergunning oan by it Omjouwingsloket Online. De gemeente beoardielet jo oanfraach omjouwingsfergunning mei it each op natoer, romte en feiligens.

    It kin foarkomme dat de gemeente jo freget neiere stikken oer te lizzen of jo aktiviteiten te ûnderbouwen. Bygelyks op mêd fan brânfeiligens of miljeu-aspekten.

  • Sjenswize. Yn guon gefallen is foarôf al dúdlik dat belanghawwenden  tsjin jo bouplannen beswier meitsje sille. It is dan handich om harren foarôf te freegjen harren miening (sjenswize) oan de gemeente witte te litten. Jo kinne sa tefoaren komme der der efterôf beswier makke wurdt.

Handich om te witten

  • Nei it beslút hawwe belanghawwenden, lykas jo buorlju, noch 6 wiken de tiid om beswier te meitsjen of berop yn te stellen. Dat beswier of berop hat gjin opskowende wurking. Jo meie sadwaande al begjinne mei bouwen of ferbouwen. Wy riede jo wol oan te wachtsjen oant de beswiertermyn ferrûn is. Jo binne der dan wis fan dat der gjin beswier makke is.
  • De gemeente kontrolearret hoe't jo jo plan útfiere. Dogge jo dat net neffens de fergunning? Dan kin de tafersjochhâlder fan de gemeente de bou stillizze. Of jo sels it bouwurk ôfbrekke litte.
Uw Reactie