Frysk

Waadhoeke is in unike meartalige gemeente. Neist it Nederlânsk wurdt hjir Frysk, Biltsk en Frjentsjerters praat. Dêr binne wy grutsk op, en dat wolle wy behâlde en fersterkje. Wy wolle dat it fanselssprekkend is dat dy talen (neistinoar) brûkt wurde, op it gemeentehûs likegoed as dêrbûten.

Sûnt de simmer fan 2021 hat de gemeente, yn de persoan fan Gerard de Jong, in meartaligenskoördinator. Gerard set him yn om de talen fan Waadhoeke te promoatsjen, it gebrûk derfan te stimulearjen en de sichtberens fan foaral de lytse(re) talen te fergrutsjen. Fragen? Nim kontakt op mei Gerard de Jong.

Kinst hjir lêze hoe’t de gemeente omgiet mei meartaligens en hoe’t wy dy fersterkje wolle.

Meartaligens op dizze webside

Komst op dizze webside neist it Nederlânsk ek it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters tsjin. Bestjoerders of ynterviewden komme, as dat kin, yn harren eigen taal oan it wurd. De basistaal fan de side is Nederlânsk.

Webside

De basistaal fan de gemeentlike webside is Nederlânsk. Wy ha it besocht, in webside yn alle fjouwer talen. Mar spitigernôch wurke dat yn de praktyk net.

Digitale tagonklikens

De webside fan in gemeente moat foldwaan oan de wet op digitale tagonklikens. Dat hâldt yn dat minsken mei in beheining de ynformaasje op de webside ek begripe kinne. Sa is der bygelyks in foarlêzer foar minsken dy’t net goed sjogge, der is in oersetfunksje en kinst mei dyn toetseboerd maklik troch de webside hinne navigearje. Dy middels binne der (noch) net yn alle fjouwer talen fan Waadhoeke.

Kommunikaasje

De basistaal yn de kommunikaasje fan gemeente Waadhoeke is Nederlânsk, mar kinst ek it Frysk, Biltsk of Frjentsjerters tsjinkomme yn parseberjochten of oare artikels en teksten. As der minsken sitearre wurde, dogge wy dat sitaat, dêr’t dat kin, yn de eigen taal fan dy persoan.

Berjochten dy’t mei it Frysk, Frjentsjerters of it Biltsk te krijen hawwe, skriuwe wy as dat kin of past ek yn dy taal. Mar wol op in manier dat elkenien it begripe kin, en it rjocht docht oan it meartalige karakter fan de gemeente en har bewenners.

Meartaligens op it gemeentehûs

Oan de baalje of oan de telefoan of yn in e-mail of in brief oan de gemeente, kinst neist it Nederlânsk, ek it Frysk, Biltsk of Frjentsjerters brûke. Mar ... Taal is in kommunikaasjemiddel. Wy moatte inoar wol goed begripe kinne. Dus dêr’t dat nedich is, skeakelje wy oer op it Nederlânsk.

Tsjin ús meiwurkers kinst Nederlânsk, Frysk, Biltsk of Frjentsjerters prate. Us meiwurkers kinne it miskien net allegear prate, mar ferstean en begripe dogge se it wol. In telefoanpetear dêr’tsto bygelyks Biltsk by praatst, en de meiwurker Frysk of Nederlânsk, is hiel gewoan.

Dêr’t dat past, brûke ús meiwurkers ek har eigen memmetaal. Mochtst him of har net ferstean, dan kinst dat gewoan fertelle. De meiwurker sil dan oergean op it Nederlânsk, of in oare taal dy’tst wol begrypst. It giet derom dat wy inoar ferstean.

Stjoerst in e-mail of in brief yn it Frysk oan de gemeente, dan krijst yn prinsipe ek in Fryske reaksje werom.

Gemeentlik taalbelied

Wy wolle dat ús ynwenners fertroud binne of reitsje mei it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters. Wy wolle de sichtberens fan dy talen fergrutsje, mei’tst de talen geregeld tsjinkomst. En wy wolle ús bewenners útnûgje en stimulearje harren memmetaal te brûken.

De taalnota ‘Waadhoeke, Lân fan Taal’

Waadhoeke is unike meartalige gemeente. Dêr binne wy grutsk op, dat wolle wy behâlde en fersterkje. Wy stribje nei mear gebrûk fan it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters yn in meartalige gemeente dêr’t it fanselssprekkend is om dy talen neist- en trochinoar te brûken. Dêr is dizze taalnota foar skreaun.

It taalbelied draait om 3 wurden: fertroud, sichtber en útnûgjend.

  • Fertroud: Fertroud giet oer identiteit, oer wa’t wy binne en hoe wichtich oft it is om dy útdrukke te kinnen yn de taal dy’t it bêste by dy past.
  • Sichtber: Dêrneist wolle wy de sichtberens fan taal yn ús gemeente fergrutsje. It sjen fan it Frysk, Biltsk of Frjentsjerters liedt ta it sels brûken fan in taal.
  • Utnûgjend: Wy wolle útnûgjend wêze nei ús ynwenners om har eigen taal te brûken en/of om yn ’e kunde te kommen mei ús talen, om dy te learen en te brûken.

Punt 20: ‘Lân fan Taal – Taalbelied gemeente Waadhoeke en earste evaluasje’ (2019). 

Meartaligenskoördinator

As earste gemeente yn Fryslân hat Waadhoeke sûnt 2021 in meartaligenskoördinator. Gerard de Jong helpt bedriuwen, taalorganisaasjes en de gemeente op it mêd fan taal. Kinst by him terjochte mei dyn fragen oer alles dat mei taal te krijen hat.

Gerard de Jong

Sûnt de simmer fan 2021 hat de gemeente, yn de persoan fan Gerard de Jong, in meartaligenskoördinator. Gerard set him yn om de talen fan Waadhoeke te promoatsjen, it gebrûk derfan te stimulearjen en de sichtberens fan foaral de lytse(re) talen te fergrutsjen.

Gerard helpt taalorganisaasjes lykas Bildts Aigene en it Franeker Genoatskap mei it ûntploaien fan aktiviteiten en subsydzjeoanfragen en ûnderhâldt en bout it taalnetwurk yn de gemeente út. Hy organisearret taaleveneminten lykas de Taaldâg en Taalpriis Waadhoeke en hy is it oansprekpunt foar bewenners, bedriuwen en organisaasjes as it om taalsaken giet.

Binnen de gemeente wurket er oan it stimulearjen fan meartaligens en de útfiering fan it taalbelied.

Lês hjir in fraachpetear út it VNG-magazine (juny 2023) mei Gerard de Jong oer syn wurk.

Taalplatfoarm Waadhoeke

Ynspirearje, kennis diele en fergrutsje, en gearwurkje: mei-inoar sette de partijen fan it Taalplatfoarm yn Waadhoeke har yn foar it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters.

Taalplatfoarm Waadhoeke is in groep fan ynstellingen en organisaasjes dy’t har op hokker wize dan ek ynsette foar taal en meartaligens. Alle trije moannen komt it Taalplatfoarm byinoar. Dan wurde aktuele saken en ûntwikkelingen besprutsen, ideeën útwiksele en gearwurkingen oangien op it mêd fan taal.

It Taalplatfoarm bestiet út fertsjintwurdigers fan Afûk, Bildts Aigene, Franeker Genoatskap, provincie Fryslân, Jongerenraad Waadhoeke, Keunstwurk, bibliotheken Noord-Fryslân, it ûnderwiis en mear. Meartaligenskoördinator Gerard de Jong is foarsitter fan it Taalplatfoarm. Foar mear ynformaasje kinne jo mei him kontakt opnimme.

Bildts Aigene

Stichting Bildts Aigene yn St-Anne is dé organisaasje dy’t him ynset foar de Biltske taal. It Biltsk wurdt yn de eardere gemeente ’t Bildt in soad sprutsen. De stichting hat as doel it ‘hoeden en noeden van de Bildtse taal, kultuur en histoary’ en makket dat aktyf sichtber. De stifting organisearret eveneminten lykas it Bildts Diktee en de Gedichte-aven, bringt boeken út foar jong en âld, hat in foto- en filmargyf en stimulearret op elk flak de Biltske taal en kultuer. Webside: bildtsaigene.nl.

Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers

It Frjentsjerters is in fariant fan it Stedsfrysk. Yn 2014 rjochte in groep entûsjaste leafhawwers fan it Frjentsjerters it Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers op.

It Genoatskap set him yn foar it behâld fan ‘hun geliefde taaltsy’, dat foaral yn de stêd Frjentsjer sprutsen wurdt. Se organisearje ferskate aktiviteiten en jouwe alderhande boekjes út. Yn 2021 ferskynde – as kroan op harren wurk – it Franeker Woardeboek, dat de earste Taalpriis fan de gemeente Waadhoeke wûn. It Genoatskap organisearret ek alle jierren it Frjentsjerter diktee. Webside: genoatskap.fr.

Afûk

Neist Biltsk en Frjentsjerters wurdt yn Waadhoeke uteraard ek in soad Frysk sprutsen. De Afûk, fêstige yn Ljouwert, set him provinsjebreed yn foar de Fryske taal en kultuer. De organisaasje organisearret kursussen, promoatet it Frysk, wurket mei it ûnderwiis en bedriuwslibben oan it gebrûk fan de Fryske taal, en set him yn Europeesk ferbân yn foar minderheidstalen. Mei tank oan de Afûk binne der neist Fryske wilens ek Biltske en Franeker Tomke-boekjes ferskynd. Webside: afuk.frl

Taalpriis Waadhoeke en Taaldâg

Wy beleanje alle jierren it aardichste, bêste of meast bysûndere taalinisjatyf mei de Taalpriis Waadhoeke. De priis wurdt útrikt op de Taaldâg, op de UNESCO Dei fan de Memmetaal.

Der is gjin gemeente yn Nederlân sa ryk oan talen as de gemeente Waadhoeke. Mei it Nederlânsk, Frysk, Biltsk en Frjentsjerters binne wy hjir ryk! Om ús fjouwer talen yn it sintsje te setten, organisearje wy op or om de UNESCO Dei fan de Memmetaal – 21 febrewaris – in Taaldâg.

Op de Taaldâg wurdt de Taalpriis Waadhoeke útrikt. Dy priis giet nei it moaiste taalinisjatyf fan it ôfrûne jier. Hie Bildts Aigene in aksje dêr’t it Biltsk ekstra sichtber mei wie? Hat in bewenner of in bedriuw op in bysûndere wize omtinken frege foar it Frjentsjerters? Of wie der in oar projekt om it gebrûk fan it Frysk, Biltsk of Frjentsjerters te stimulearjen? Kinst altyd immen, in bedriuw of in organisaasje nominearje by taalkoördinator Gerard de Jong, fia g.dejong@waadhoeke.nl.

Taal yn de soarch

Ast help nedich hast, is it fijn datst dyn memmetaal prate kinst. De gemeente sil wolwêzensorganisaasjes hjirby helpe mei advys en trainingen, sadat harren meiwurkers alle talen fan Waadhoeke ferstean kinne.

Ast soarch of help nedich hast, is it fijn ast dyn memmetaal prate kinst. It útlizzen fan in persoanlike situaasje giet faak it bêste yn de eigen taal. As it kin, past de meiwurker him dêrop oan. Op koarte termyn sille wy trainingsmooglikheden, lykas taalkursussen, foar meiwurkers fan it gebietsteam oanbiede.

Meartalich opgroeie

Meartalich opgroeie is hiel goed foar de (taal-)ûntwikkeling fan bern. Wy stimulearje dat op ferskate manieren.

Der binne in soad foardielen oan meartaligens. Sa binne meartalige bern taalgefoeliger, en leare se flugger in tredde, fjirde of fyfde taal. Fierder bist ast mear talen sprekst yn it foardiel by it sykjen nei in baan. En minsken dy’t har libben lang geregeld twa of mear talen brûke, krije letter minder gau lêst fan deminsje.

Mear ynformaasje oer meartalich opfieden fynst hjir: https://heitenmem.nl/meertalig-opvoeden/

As gemeente stypje wy graach it ûnderwiis, konsultaasjeburo’s, biblioteken en berneopfangorganisaasjes hjirby. Wy sette ús bygelyks yn foar in bettere ferankering fan it Biltsk op de Biltske skoallen.

Trouwe yn it Fr/Bi/Fra

Wennest yn Waadhoeke en silst trouwe? Elk breidspear kin kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk, Frysk, Biltsk, Frjentsjerters of Nederlânske Gebeartetaal (NGT). It trouboekje datst krijst ast trouwst, is yn de fjouwer talen beskikber.

Taalkado

Krijst in Taalkado foar dyn berntsje ast by de gemeente Waadhoeke oanjefte dochst fan de berte. It Taalkado bestiet út in moaie kartonnen bewardoaze mei ynformaasje oer meartalich opfieden en taalûntwikkeling, mar ek in oantal aardige saken lykas in Tomke kartonboekje en in sêfte koesdoek.

Nije ynwenners

Komst yn ús moaie gemeente te wenjen? Dan krijst in wolkomstpakket mei dêryn ynformaasje oer de gemeente. Dêr sit ek ynformaasje by oer de meartaligens en de ferskillende talen dy’t hjir sprutsen wurde.

Taalsubsydzjes

De gemeente hat subsydzjes foar kulturele, sport- en taalaktiviteiten. Lykas bygelyks in subsydzje foar it oersetten fan toanielstikken. Benijd oft dyn taalaktiviteit hjirfoar yn ’e beneaming komt? Nim dan kontakt op mei ús taalkoördinator.

Meartaligens & ûndernimmen

De bedriuwen yn ús gemeente litte graach sjen dat se grutsk binne op harren eigen taal. Taal is likegoed in streekprodukt as loskoppen of Bildtse gaitekees dat wêze kin. It biedt sels ekstra kânsen.

Us taalkoördinator Gerard de Jong kin bedriuwen fierder helpen om de eigen taal (mear) ta te passen. Nim dêrfoar kontakt mei him op.