How to translate text

  1. Select the text you want to translate.
  2. Choose 'Vertalen'.
  3. Select the language you prefer.
  4. You can read and/or listen to the translated text. This text is generated by Google.

Rekôroantal ynstjoerings foar fjirde Taalpriis Waadhoeke

vrijdag 6 februari

De oprop foar it moaiste taalinysjatyf fan it ôfrûne jier hat by gemeente Waadhoeke in rekôroantal ynstjoerings opsmiten. Hast fiifentweintich minsken hawwe yn totaal seis projekten, organisaasjes of útterings nominearre. Nea earder wurde der sa massaal ynstjoerd. De Taalpriis Waadhoeke wurdt op freed 20 febrewaris op in feestlike jûn útrikt yn de Ioannis Theatertsjerke yn Wier.

Bildts, Franekers, Fries: alle talen fan Waadhoeke binne presint in de nominasys. De ses androegen projekten worre op 20 febrewary 2026 – ’n dâg foor de jaarlikse UNESCO Dâg fan de Mimmetaal – fan 19.30 ant 21.30 uur in ’t sontsy set, om soa de meertaligens fan de gemeente te fieren. De priis bestaat út ’n kûnstwerk fan keramist Paulien Ploeger. Forig jaar gong de priis na de Bildtse Skeurkalinder fan Stichting Bildts Aigene. 

Oer de streep

De sjuery bestiet dit kear út trije minsken dy’t op harren eigen bysûndere wize in protte mei taal en kultuer dwaande binne: Numana Chaudhry (kommunikaasjeadviseur gemeente Waadhoeke), Jolanda Prosje (akkountmanager saaklik toerisme by Merk Fryslân) en Josse Pietersma (konservator Museum Martena, skiedkundige en ferhaleferteller).

Op de feestlike jûn sil û.o. sjongeres en kreative tûzenpoat Janneke Brakels fan Deinum in spesjale taalferzje fan ‘Oer de streep’ (bekend fan it telefyzje-programma) presintearre. It lit it taalferskaat en ferskaat oan opfettings oer meartaligens op in boartlike en ynspirearjende wize sjen.

Feestlike aven

De nominasys wurde toelicht en in ut sontsy set op frijdâg 20 febrewary, in de Ioannis Theatertsjerke, Lautawei 3A, in Wier. Fan 19.30 tot 21.30 uur (inloop fan 19.15 uur ôf) is d’r un feesteluk programma. Kom del om ut gesprek an te gaan en inspireard te worren, en fansels foor de útriking fan de Taalpriis 2026! Elkeneen is welkom, de toegang is fergees.